Erasmushiem yn Ljouwert offisjeel yn gebrûk naam

01 jun 2016 - 16:49
  • It nije Erasmushiem yn Ljouwert

Oan de Aldlansdyk yn Ljouwert is woansdei wen-soarchsintrum Erasmus offisjeel iepene. It nije gebou stiet oan de râne fan Ljouwert, tsjinoer it sikehûs MCL. Der binne 155 apparteminten foar minsken dy't selsstannich wenje wolle, mar by need ek soarch krije kinne. As dat nedich is, is dy soarch 24 oeren deis beskikber.

By de offisjele iepening waard dêr fierder op yngongen, mei de meiwurkers en de bewenners. Boargemaster Ferd Crone wie ek by de offisjele iepening oanwêzich. It nije gebou is al sûnt jannewaris yn gebrûk. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)