Eksposysje oer keunstner Adema dy't byld Us Mem makke hat

It byld de ko Us Mem yn Ljouwert kenne we allegearre wol, mar de makker dêrfan is minder bekend. Dochs hat Gerhardus Jan Adema in mânske kolleksje achterlitten fan bylden, houtsnijwurken en skilderijen.
Adema ferstoar yn 1981. Foar it earst is sammele wurk fan him te sjen, yn mar leafst trije Fryske musea: it Pier Pandermuseum, Tresoar en it lânboumuseum yn Earnewâld. Piet Prins hat ûndersyk dien nei de keunstner en in boek oer him skreaun dat heart by de trije útstallings. Fan freed ôf is it wurk fan Adema te sjen yn de musea.