Poalske reedrider by fytstraining oanriden troch lânbouwein

01 jun 2016 - 16:24
  • It giet nei omstannichheden goed mei Konrad Niedźwiedzki (midden) yn it UMCG

De Poalske reedrider Konrad Niedźwiedzki is dit wykein oanriden by Wolvegea. Hy die in fytstraining en botste op in lânbouwein. Dat meldt syn ploech JustLease.nl. De teamgenoat fan ûnder oaren Ireen Wüst leit yn it UMCG. Hy hat ferskate ferwûnings wêrûnder in ynklapte long, sân brutsen ribben en in brutsen skouderblêd.

De Poal wurdt fan 'e wike oerbrocht nei Warschau om te refalidearjen. Niedźwiedzki hopet yn july wer mei te dwaan mei it trainingskamp yn Inzell.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)