Plysje warskôget foar brânstofdieven yn Noardwest-Fryslân

01 jun 2016 - 16:03

Yn de buert fan Harns en Frjentsjer wurdt sûnt begjin dit jier opfallend faak brânstof stellen. Net allinnich út auto's en boaten, mar ek fan bouplakken en boerehiemen. Dat meldt de Fryske plysje. Sûnt jannewaris giet it om alve gefallen. Dêrby wurde somtiden hûnderten liters disel of benzine meinommen.

De plysje ropt ûndernimmers op om der goed om te tinken en by fertochte situaasjes fuortendaliks 112 te beljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)