Tolve hurdriders beboete op Anne Vondelingwei yn Ljouwert

01 jun 2016 - 15:55
  • De Anne Vondelingwei yn Ljouwert

By kontrôle op te hurd riden op de Anne Vondelingwei yn Ljouwert binne woansdeitemoarn tolve boetes útdield. Op de dyk waard wurke en dêrom mocht der net hurder riden wurde as 50 kilometer yn de oere. Der wiene lykwols acht bestjoerders dy't mear as 30 kilometer te hurd rieden.

De rapste bestjoerder ried 106 kilometer yn de oere, mear as twa kear sa hurd as maksimaal tastien is. Oare boetes wiene foar riden mei glêde bannen en beljen efter it stjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)