Film oer Nederlânske asylsikers yn Fryslân

01 jun 2016 - 15:43

Regisseur en senarioskriuwer Marijn van Leeuwen en produsint Milou van Dobben binne fan doel in film te meitsjen oer Fryslân. De titel is 'Wat voelt als thuis'. De film giet oer in jonge dy't yn it ûnôfhinklike Fryslân asyl oanfreget as der oarloch yn Nederlân is. De jonge ferstiet gjin Frysk de kultuer is ek oars, en dat allegearre jout swierrichheden. Van Leeuwen wol mei de film omtinken freegje foar de problemen fan flechtlingen.

Van Leeuwen studearret ôf op de film. Hy is in aksje begûn om de 6000 euro foar de film byinoar te krijen.

''Ik werkte bij New Dutch Connections met vluchtelingen en zag hoe kwalijk het is dat mensen zo negatief over hen denken en praten. Daar wilde ik iets mee doen. 'Ik wilde het probleem letterlijk en figuurlijk dichterbij brengen. De film gaat daarom over oorlog in Nederland. Friesland is onafhankelijk en daarom vluchten mensen daar naartoe. Hier lopen ze tegen problemen aan waar vluchtelingen in Nederland ook tegenaan lopen, zoals een taalbarrière'', fertelt Van Leeuwen. Hy en Van Dobben prate gjin Frysk, mar se hawwe in grut team om harren hinne dat harren dêrmei helpe kin.

De film is Marijn van Leeuwen syn ôfstudearprojekt op de Hogeschool voor de Kunsten yn Utrecht. Milou van Dobben is al ôfstudearre. Sy helpt Van Leeuwen.

Der is noch wol wat jild nedich om de film meitsje te kinnen. Dat besykje se no byinoar te krijen troch mienskipsstipe. De webside www.cinecrowd.nl/wat-voelt-als-thuis is sûnt tiisdei online. Hy bliuwt oant en mei 5 july yn de loft. Se hoopje 6000 euro op te heljen, sadat de film makke wurde kin. Fierders sykje se toanielselskippen en skoalbern dy't meidwaan wolle oan 'e film. Dy kinne harren oanmelde op watvoeltalsthuis@gmail.com.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)