Strannen Waadeilannen krije heech sifer fan badgasten

01 jun 2016 - 15:17
  • It strân fan Flylân

De strannen fan de Waadeilannen skoare heech yn in ûndersyk fan Zoover, in platfoarm dêr't fakânsjegongers harren beoardieling op kwyt kinne. It strân fan Skylge kriget mei in 9,1 it heechste Fryske sifer. Dêrmei stiet it op nûmer twa yn de top tsien. Op plak trije stiet it strân fan Flylân en op it sânde plak dat fan Skiermûntseach. 

Op plak ien stiet it strân fan Zoutelande yn Seelân. Ek oare Siuwske strannen en dat fan it Noard-Hollânske Schoorl en de strannen op Teksel komme yn de list foar.

Populêre strannen lykas dat fan Skeveningen en Zandvoort hawwe de top tsien net helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)