2,1 miljoen euro winst foar sikehûs Tjongerschans

01 jun 2016 - 14:48

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean hat it jier 2015 ôfsletten mei 2,1 miljoen euro yn de plus. Sa docht bliken út de jierrekken fan it sikehûs. Hjirmei wurdt de finansjele posysje fersterke yn in tiid dat der mar beheind groei tastien is en der foar lege tariven wurke wurde moat.

De Tjongerschans moast op finansjeel mêd wol it ien en oar goedmeitsje en dat is no slagge. Yn it jierferslach stiet ek dat hieltiten mear minsken út de kop fan Oerisel it sikehûs opsykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)