"Doarpsfroulju better ôf yn de Rânestêd"

01 jun 2016 - 14:40
  • Winkelje

Fryske froulju dy't yn in lyts doarp yn Fryslân wenje, kinne better ferhúzje nei de Rânestêd. Alteast, dat docht bliken út in ûndersyk fan de Universiteit van Amsterdam. De ferskillen binne grut tusken de froulju fan it plattelân en út de Rânestêd. Net allinnich fertsjinje de froulju dêr folle mear, ek libje sy langer én hawwe harren bern kâns op in bettere takomst.

Plattelân of Rânestêd

It ûndersyk is basearre op 288.000 froulju wêrfan't ien groep froulju yn it doarp wennet en de oare groep ferhuze is nei de Rânestêd. De útkomsten komme net as in ferrassing foar it Frysk Sosjaal Planburo (FSP). Sy sjogge dat der hieltyd faker Fryske froulju nei de Rânestêd ferhúzje, om't dêr mear wurkgelegenheid is, sa seit Wilma de Vries fan it FSP.

Neffens har moat dit ek wol, om't it libbensûnderhâld dêr ek djoerder is. Wol hat De Vries har twivels by it langer libjen fan froulju yn de Rânestêd. ''Der binne safolle omstannichheden dy't dêrby in rol spylje kinne, lykas it wurk dat je dogge, hoefolle alkohol je drinke en oft der ek smookt wurdt.

Minder ynkommen, leger oplate partner

Neffens it ûndersyk soene heechoplate froulju út de Rânestêd sa'n 640 euro mear per moanne mear fertsjinje en hawwe boppedat folle faker in partner mei in hege oplieding. Trochdat de froulju én de manlju dêr faak allebeide in goeie baan hawwe, wurdt derfan útgien dat de bern ek in bettere takomst krije sille.

It ferskil tusken de plattelânsregio's en de Rânestêd wurdt neffens it ûndersyk ek hieltyd grutter. Benammen op it gebiet fan wurk, útkearingsôfhinklikheid en it fertrouwen yn de polityk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)