Freondinne deasleine Lichtendahl is begûn mei petysje

01 jun 2016 - 13:50

Vera Kok, de freondinne fan Piet Lichtendahl, hat in petysje op tou set foar hegere straffen by sinleas geweld. Piet Lichtendahl is ferline jier mei de Fiskerijdagen yn Harns nei in klap fan in 36-jierrige Harnzer ferstoarn. De Harnzer is foarige wike feroardiele ta fjouwer jier sel foar swiere mishanneling mei de dea as gefolch.

Hegere straffen

Yn de petysje freget Kok om it oanpassen fan de besteande wet. "We verzoeken de minister van Justitie dat de strafwet wordt aangepast om daders van zinloos geweld harder te kunnen aanpakken. Dat de opgelegde straf aansluit op het gevolg van de gepleegde feiten.’’

Twadde Keamer

Minsken hawwe oant 27 augustus de tiid om de petysje te ûndertekenjen. Oant no ta hawwe rom fjouwer hûndert minsken dat dien. In petysje is in polityk fersykskrift, wêrmei’t minksen harren miening jaan kinne oer it belied. De petysje wurdt oanbean oan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)