Provinsje selektearret twa bedriuwen foar fluch ynternet

01 jun 2016 - 12:06
  • Glêsfezel

De provinsje hat mei seis bedriuwen om tafel sitten oer de oanlis fan fluch ynternet. Doel is om mei dy bedriuwen en de Fryske gemeenten folle flugger glêsfezel ynternet oan te lizzen yn de bûtengebieten.

Neffens de provinsje lizze der no ek realistyske foarstellen om dat te dwaan. Mei twa dêrfan wol de provinsje fierder. Ien is in saneamde privaat publike gearwurking wêrby't der mei in kommersjele partij in eigen netwurkbedriuw opset wurdt. Dat bart middels in oanbesteging.

Eigen inisjatyf

In oare mooglikheid is om in kommersjele partij te helpen om op eigen inisjatyf in glêsfezelnetwurk oan te lizzen. Yn totaal is der 35 miljoen euro foar beskikber en takom maitiid soe de skeppe de grûn in moatte foar it nije netwurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)