Net mear nei de plysje by ferlies ID-dokumint

01 jun 2016 - 11:33

It is ynkoarten net mear nedich om by ferlies of stellerij fan it identiteitsbewiis oanjefte te dwaan by de plysje. Fan 15 juny ôf gean de trije noardlike provinsjes oer op in nije wurkwize. Ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte dy't harren identiteits- of rydbewiis kwyt binne, kinne in nije oanfreegje by harren gemeente sûnder tuskenkomst fan de plysje. By de gemeente kin in ferklearring ynfolle wurde fan it ferlies of de stellerij en dêrnei kin fuortendaliks in nije oanfrege wurde.

Utsûnderingen

Is it identiteitsbewiis kwytrekke yn it wykein of op in feestdei en it gemeenteloket is net iepen? Dan is in besite oan it plysjeburo dochs needsaaklik. Dêrnei moat by de gemeente noch in melding makke wurde fan de fermissing en moat in nij dokumint oanfrege wurde.

De nije wurkwize jildt net foar bûtenlânske identiteitsbewizen of ferbliuwsdokuminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)