Oosterpoortsbrêge Frjentsjer is wer iepen

01 jun 2016 - 10:27

De binnenstêd fan Frjentsjer is wer berikber fia de nije Oosterpoortsbrêge. De brêge is justerjûn wer yn gebrûk naam, nei wurksumheden dy't sa'n jier duorre hawwe. Alle ferkear kin de fertroude rûte nei it sintrum fan Frjentsjer wer brûke. Weibrûkers wurde lykwols troch de gemeente oproppen om rekken te hâlden mei de nije ferkearsitewaasje en de snelheid dêr op oan te passen.

Wethâlder Joop Bekkema iepene de brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)