Spoarûndertrochgong Wolvegea ticht troch ûngelok

01 jun 2016 - 08:52

Ferkear dat oan de noardkant fan Wolvegea ûnder it spoar troch wol, hat op it stuit in soad lêst fan in ûngelok wêrby't fjouwer auto's belutsen binne. Ien ferwûne is mei de ambulânse ôffierd.

Troch it ûngelok kin der no noch gjin ferkear del. Dat is foaral lestich foar minsken dy't de alternative rûte nei Emmeloord brûke by de Rottige Meenthe del. It is noch net bekend hoe lang de spoarûndertrochgong ôfsletten bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)