Kollum: "Formalisme"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"Juster. It is in moaie moarn yn Wâldsein. Sintsje skynt. De wyn efkes fuort. Suver bliid ryd je nei de loswâl. Dêr sil wol in smite boatsjes lizze. Mar dy lizze der net. Neuh, want dêr is in kraanwein oan it wurk. Der leit ek noch allegearre hout en stien op de wâl. Op de dei dat de simmer begjint, begjinne se midden yn Wâldsein mei de oanlis fan in passantehaven. Dy passanten lizze oars altyd oan de steiger oan de bûtenkant fan de gewoane jachthaven. En oan de loswâl. Mar dêr kinne se no net lizze, om't der in haven foar harren makke wurdt. Midden yn de simmer. Je gean ek net oan dy steiger lizzen, it is allegearre sân, modder en geskuor en geraas fan motors. Want yn Fryslân wit nimmen mear wat in skeppe is.
No seit de oannimmer, mar we hâlde wol rekken mei dy boatsjes hear. We dogge it yn twa perioaden: ien foar en ien nei de boufak. Ja, krokeledokus, de boufak ha jim sels ek fakânsje, da’s maklik lullen. Foarsitter fan Doarpsbelang Loek Hogenhout hat as direkteur by Merk Fryslân wurke, dus je soenen tinke dat dy wol in bytsje wit hoe’t je gasten yn Fryslân ûntfange moatte soenen. Mar hy seit inkeld dat it wurk yn 2016 útfierd wurde moat, “oars krije we gjin subsydzje fan Europa”. Skriemend binne de ûndernimmers en Wâldseinsters fuortrûn. Rigeltsjes ha gjin inkelde ferbining mei it gewoane libben.
De brêge yn Twellingea oer it Prinses Margrietkanaal is de hiele simmer net te brûken foar skippen mei lange mêsten, sis mar aken, skûtsjes en sok guod. En dêr ha wy hjir noch al wat fan. Dy skippen farre winters net. Simmers wol. No dus. Langere mêsten oant alve meter kinne ûnder de Noarderbêge yn Langwar troch, dat is al in ferhipt ein omfarren oer Snitser Mar en Goaiïngarypster Puollen. En de oaren? Dy moatte oer Snits, Drylts en Osingahuzen. In dei farren mei al dy brêgen. Ik ha net iens mear frege werom as dit nó moat en net yn de betide maitiid of lette hjerst, as der gjin mêsten mear yn Fryslân farre.
Rein de Wolff fan de Doarpskoöperaasje yn Jirnsum wit it andert wol. Yn harren striid om yn Jirnsum 25 húskes te behâlden, op te knappen en aanst wer te ferhieren, is hy oprûn tsjin wentekoöperaasjes. Yn dit gefal Elkien, dat earst net iens prate woe. Se kamen by de provinsje. Elke kear in oare amtner, en dy seine allegearre wat oars. De ynspeksje hat der earst ek net nei sjoen. It wie wat nijs, wat soe’t. Dat it no dochs klear kaam is, is dus inkeld te tankjen oan it doarp sels. It paad fan De Wolff lei stiiffol oerstallich papier.
Ik moat earlik sizze dat alle gemeenten en wentekoörperaasjes no sizze dat se Fryslân as ien en net as in ferdielde wenregio ha wolle, dat is in segen. De earste oerwinning fan de Fryske mienskip. No moat Blok noch om, en dat kostet wer in hiel soad muoite en papier.
Amtners. Se gean mei syn seizen soms nei de boer ta. En dy seit: ach ien kin noch wol, mar as der twa oeren letter wer ien komt en dy freget itselde, wurdt ik lilkich. En dan binne der noch fjouwer dagen. En as der dan in amtner is dy’t in stik greide archeologysk as terp oanwiisd, dan seit dy boer dat is ferdomme gjin terp, dat is myn alderleechst lizzende stikje lân. Mar hoe krije je dat út de kompjûter fan dy amtner.
Jim ha it allegearre wol omraak meimakke. Formalisme. Ik sil amtners dêrfan net alle skuld jaan, dy wurde ek mar stjoerd troch minsken dy’t formalisme as biedwurd foarop stean ha yn it poesyalbum. Formalisme is it maklikste. Net ien hoecht mear ferantwurding te hawwen. Heechút op it lêst in politikus, dy’t amper wit wêr't se it allegearre oer ha en dus de skouders ophellet.
Passantehaven fan Wâldsein. Ja, dy soe dochs makke wurde. Ja dat soe yn 2016. Hinder? Ja mar dat is myn pakkie-an net. Moat je myn kollega ha. Nee dy is der net. Mei fakânsje. Yn Enkhuizen. Dêr is de loswâl frij."