Ried Eindhoven: ''Een enthousiaste en brede burgemeester"

31 maaie 2016 - 22:38
  • Jorritsma yn in helikopter boppe Fryslân

"Met deze kandidaat krijgt Eindhoven een breed georiënteerde en enthousiaste burgemeester." Dat skriuwt de gemeenteried fan Eindhoven oer John Jorritsma. Sy ferwachtsje dat Jorritsma him maksimaal ynsette sil foar Eindhoven en omkriten. "Jorritsma wil een verbindende factor in de stad zijn en tussen de gemeente en haar partners. Jorritsma zal daartoe zijn grote bestuurlijke ervaring en omvangrijke netwerk inzetten", sa skriuwt de gemeenteried.

John Jorritsma makke fan de sechtjin gadingmakkers de bêste yndruk op de ried fan Eindhoven.

De Fryske kommissaris fan de Kening stiet no as earste op de foardracht oan minister Plasterk fan ynlânske saken. Jorritsma makke tiisdeitejûn syn fuortgean bekend op in ynlaste ekstra parsekonferinsje. Flak dêrfoar hie er it kolleezje fan Deputearre Steaten ynformearre oer syn stap en ek telefoanysk kontakt hân mei premier Mark Rutte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)