John Jorritsma (59) woe noch ien kear in stap meitsje

31 maaie 2016 - 22:23
  • John Jorritsma
  • In hichtepunt: Ljouwert wurdt Kulturele Haadstêd (mei Jannewietske de Vries)

It wie tiisdei in drokke jûn foar kommissaris fan de Kening John Jorritsma (59). Om tweintich foar njoggenen kaam it telefoantsje dat hy foardroegen wurdt as boargemaster fan Eindhoven. Oanslutend belle Jorritsma mei minister-presidint Mark Rutte en helle er Deputearre Steaten mei in ferlechje nei it provinsjehûs.

Jorritsma hat acht jier as kommissaris yn Fryslân wurke en woe - no't er 60 wurdt - graach noch ien kear in stap meitsje nei in oare baan. Eindhoven sprekt him oan; in dynamyske stêd, dêr't in soad bart.

In maklike baan wurdt it net, tinkt Jorritsma, mar hy hat der nocht oan. Fryslân hat him goed foldien. It ynheljen fan de Kulturele Haadstêd 2018 en it Fryske Marreprojekt fûn er hichtepunten. In djiptepunt wie it ferstjerren fan deputearre Anita Andriesen yn 2008. It grûndebat yn Provinsjale Steaten fûn Jorritsma in polityk djiptepunt. De beneaming fan Jorritsma komt ek foar guon Brabanners ridlik ûntferwachts, want op de sosjale media waarden Onno Hoes en Fred Teeven folle faker neamd as dy fan Jorritsma.

Ek foar de Fryske deputearren kaam it opstappen fan Jorritsma ûnferwachts. Neffens deputearre Sander de Rouwe ferliest Fryslân in grut ambassadeur yn John Jorritsma. Fryslân moat gau op syk nei in opfolger dy't 'like goed' is as Jorritsma, sa seit De Rouwe. Eindhoven krijt in prima boargemaster, seit deputearre Klaas Kielstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)