Harry Sweering wint foar Martijn Dijkstra op De Harkema

31 maaie 2016 - 22:21

Harry Sweering fan Snits hat tiisdeitejûn mei in machtige einsprint it kritearium fan De Harkema wûn. Martijn Dijkstra fan De Knipe moast mei lyts ferskil belies jaan. Dizze beide hurdfytsers wiene yn de finale oerbleaun nei in moaie wedstriid. Coen Rijpma fan Wolvegea wie de tredde Fries op it poadium. Ruben Hoekstra fan It Hearrenfean waard fjirde.

De hiele jûn besochten de likernôch 80 hurdfytsers der wat moais fan te meitsjen en dat slagge. Yn in heech tempo foel de iene kopgroep oer de oare hinne. Twa man bleaune lang om let oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)