Kommissaris Jorritsma foardroegen as boargemaster Eindhoven

31 maaie 2016 - 22:03
  • Kommissaris fan de Kening John Jorritsma

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma ferlit Fryslân. Jorritsma (VVD) stiet op de nominaasje om boargemaster fan Eindhoven te wurden. It fuortgean fan Jorritsma komt ridlik ûnferwachts.

Jorritsma wie yn 2014 krekt werbeneamd foar in perioade fan 6 jier. John Jorritsma folge yn 2008 Ed Nijpels op as kommissaris fan de Kening. Hy wie de fjirde VVD-kommissaris op rige. Foardat er nei Fryslân kaam, wie er direkteur by de Brabantse Ontwikkelingsmaatschappij BOM. Dêrfoar wie er boargemaster fan Cranendonck.

Jorritsma hat syn stap tiisdeitejûn sels buorkundich makke op in ynlaste parsekonferinsje op it provinsjehûs yn Ljouwert. Jorritsma begjint op 1 septimber oan syn nije baan yn Eindhoven. De beneaming is noch net hielendal rûn; Jorritsma stiet as earste op de foardracht fan de fertrouwenskommisje. Minister Plasterk fan ynlânske saken moat him noch oer de foardracht bûge. Der wiene sechtjin sollisitanten foar de baan fan boargemaster fan Eindhoven. Jorritsma wurdt de opfolger fan Rob van Gijzel (PvdA).

Besjoch ek it parseberjocht fan de provinsje oer de foardracht fan Jorritsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)