Jubileum HT-race lûkt 160 dielnimmers

De HT Race sit wer yn de lift. Foar it earst yn jierren is it tal dielnimmers omheech gien. 160 teams hawwe harren ynskreaun foar de wedstryd fan Harns nei Skylge en werom. De ôfrûne jierren wiene der sa'n 140 dielnimmers, wylst it yn de jierren '80 hast 200 wiene.
Dat it tal dielnimmers grutter is, komt troch it jubileum fan de HT-race. It is dit jier 70 jier lyn dat de earste edysje plak fûn. Der binne dêrom dit jier ek mear festiviteiten om de wedstryd hinne. Dat begjint woansdei al mei de offisjele ynskriuwing.
Tongersdei en freed is dan de echte race.