Caparis: twa koart pleiten, gjin oplossing

31 maaie 2016 - 19:55

De twa koart pleiten mei Caparis út Drachten, hawwe tiisdei foar de Ljouwerter rjochtbank gjin oplossing opsmiten. De konflikten dêr't beide partijen mei foar de rjochter stienen, bliuwe bestean. It giet om de saak fan direkteur Tjerk Sinnema dy't troch Caparis op non-aktyf set is. Hy wol wer oan it wurk en mei dit neffens in eardere útspraak fan de rjochter ek.

Caparis wegeret him wer op de wurkflier ta te litten. De oare saak is oanspand troch direkteur Ben Gerrits fan Caparis tsjin Sinnema. De rjochter docht nije wike tiisdei útspraak.

De rjochter besocht tiisdei noch wol om beide partijen wer oan tafel te krijen om in oplossing te sykjen of om akkoart te gean mei mediation. Mar dat slagge net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)