Plysje fynt lichem yn Boalserter Feart by Abbegeasterketting

Plysjeminsken dwaande mei de sykaksje yn de Boalserter Feart © 112 Fryslân
De plysje hat tiisdei oan de ein fan de middei yn de Boalserter Feart tusken Abbegeasterketting en Easthim in lichem fûn. It giet om it lichem fan de 26-jierrige man dy't al sûnt it wykein fermist waard. Dûkers en plysjes mei sonarapparatuer wiene op syk nei de man.
De man wie ûnderweis mei in boatsje en syn hûn. It boatsje en de hûn binne earder al weromfûn. De man net. Moandei is der al drêge yn de feart. Dat hat neat opsmiten. Tiisdei is der fierder socht mei in sonarboat.
Hoe't de man krekt om it libben kaam is, is noch net bekend. It lichem is oerbrocht nei in mortuarium. Dêr sil it ûndersocht wurde.