Proloog fielt neat foar 'fal-les' foar bern op skoalle

Alle wiken moatte sa'n 700 skoalbern yn it sikehûs behannele wurden omdat se by gymnastyk fallen binne en in earm of skonk brutsen. Dit soe komme omdat bern hjoed-de-dei tefolle op de laptop of de mobile telefoan dwaande binne en dêrtroch te min bewege.
Op inisjatyf fan VeilichheidNL wol Den Haach no dat skoallen de bern op basisskoallen en yn it fuortset ûnderwiis spesjaal falles jouwe. It ûnderwiis yn Fryslân fielt dêr lykwols neat foar. Direkteur Albert Helder fan Proloog fynt dat de bern nei skoaltiid mear sporte moatte.
Fryslân soe op dat mêd mei de ynset fan buertsportcoaches, in projekt fan ûnderwiis, gemeente en soarchfersekerder De Friesland, lanlik sels in foarbyldfunksje hawwe, sa seit Helder. Buertcoach Sybold de Boer yn Ljouwert jout ta dat ek Fryske bern oer it generaal te min oan sport dogge, mar hy sjocht ek dat hieltyd mear bern har troch it projekt wer by in sportferiening oanslute.