Fergassen fan guozzen giet dizze simmer net troch

31 maaie 2016 - 16:48
  • Guozzen dy't freedtemoarn fong binne
  • De guozzen dy't fergast binne
  • De guozzen wurde sammele

Der sille dizze simmer yn Fryslân gjin guozzen fergast wurde. Dat hat de provinsje bekend makke. Ferline jier waard it fergassen fan guozzen foar it earst tapast om it oerskot oan de fûgels nei ûnderen te bringen. Neffens Europeeske regels is it fergassen fan guozzen tastien, mar it brûken fan fangkoaien net. Dy koaien binne nedich om it fergassen mooglik te meitsjen.

De nije natuerwet dy't takom jier yngiet stiet it brûken fan fangkoaien mooglik wol ta. De provinsje sil sjen oft it fergassen dan wol wer tapast wurde kin.

De Faunabeheereenheid hat besletten om de ûntheffingsoanfraach foar it fangen en deadzjen fan guozzen mei CO2 yn te lûken. De organisaasje hie gjin nocht oan in slepende juridyske striid, seit foarsitter Gijs Wouters. De provinsje Fryslân wol op termyn it tal guozzen dat simmerdeis yn Fryslân ferbliuwt werombringe fan 37.000 nei 10.000. Njonken it fergassen fan guozzen wurde ek ferskate oare maatregels tapast lykas it prikken fan aaien, tydlik ôfskot en it pleatsen fan rasters om in tal natuerterreinen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)