Tongersdei spoeddebat yn Drachten oer firma De Boer

31 maaie 2016 - 16:17
  • It gemeentehûs fan Smellingerlân

It spoeddebat oer it beslút fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân om in jier lang neat te keapjen by lânboumeganisaasjebedriuw A. Th. de Boer yn Drachten is tongersdeitejûn. It CDA hat it spoeddebat oanfrege, omdat dy mear witte wol oer de boykot.

Boargemaster en wethâlders wolle in jier lang neat by De Boer keapje, omdat it bedriuw gjin homoseksuele studint as stazjêr oannimme woe. De rjochter hat it bedriuw dêr al in boete foar jûn. It CDA wol witte wêrom't boargemaster en wethâlders dêr noch in straf oerhinne jouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)