Nije oanpak beroerte yn sikehûs Nij Smellinghe

31 maaie 2016 - 16:09
  • It Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten kin minsken mei in beroerte better behannelje, trochdat der gearwurke wurdt mei it Universitêr Medysk Sintrum UMCG yn Grins. Dêr kinne minsken mei in beroerte mei in nije behanneling holpen wurde, sadat se der sa min mooglik oan oerhâlde. Dan moatte se wol sa gau as it kin nei Grins oerbrocht wurde.

Yn Drachten is de behanneling dan al begûn, en dy wurdt yn Grins oanfold mei de nije metoade. Mei dizze gearwurking is de kâns op herstel grutter, sa seit Nij Smellinghe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)