Trije miljoen winst foar sikehûs MCL yn Ljouwert

31 maaie 2016 - 15:56

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat ferline jier trije miljoen euro winst makke. Dat komt foaral troch it fallisemint fan sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. In soad pasjinten kamen dêrtroch foar behanneling nei Ljouwert, skriuwt it sikehûs yn it jierferslach. Dêr stiet ek yn dat it sikehûs ferline drok dwaande wie mei de ambysje om topklinyske komplekse soarch te jaan.

Mei oare sikehuzen yn Fryslân is ôfpraat dat de swierdere soarch yn Ljouwert jûn wurdt. Pasjinten binne boppegemiddeld tefreden oer it sikehûs. Dat hat bliken dien út ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)