Advokaat Udo D. pleitet foar tbs-behanneling

31 maaie 2016 - 15:33
  • Udo D. soe it bêste gelyk in tbs-behanneling krije kinne, seit syn advokaat

Advokaat Esther van der Zee fan Udo D. (39) fynt dat har kliïnt net de sel yn moat, mar allinnich in tbs-behanneling krije moatte soe, omdat er neffens har folslein ûntarekkenber is. De fertochte sei oan de ein fan de sitting dat er de neibesteanden fan de frou dy't er ombrocht hat skeafergoeding betelje wol. Hy is ûnder oare ree om de begraffeniskosten oan de famylje te beteljen. De rjochtbank docht oer twa wike útspraak.

It Iepenbier Ministearje easke 6 jier selstraf tsjin Udo D. mei tbs en twangferpleging.

De man soe ferline jier in frou deaslein hawwe mei in flesse. Ek soe Udo D. in prostituee yn 'e nekke en it gesicht stutsen hawwe. De man stie terjochte foar moard en besykjen ta moard, mar de offisier fan justysje makke hjir by de rjochtbank deaslach en besykjen ta deaslach fan, omdat net oantoand wurde kin dat de Ljouwerter foarôf al in plan hie om de froulju om te bringen.

D. lei gjin ferklearring ôf oer syn dieden, mar ek sûnder ferklearring is der neffens justysje foldwaande bewiis om de man te feroardielen. De man hie DNA-materiaal fan de ferstoarne frou op syn broek en hân. Ek binne der belestende ferklearrings fan tsjûgen.

 

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)