Tsjerkepaad-East yn Beetstersweach wurdt oanpakt

31 maaie 2016 - 14:31

Minsken dy't harsels minder maklik bewege kinne, wurde yn de iepenbiere romte temjitte kaam troch de gemeente Opsterlân. De gemeente stekt nammentlik jild yn oanpassings oan it Tsjerkepaad-East yn Beetstersweach. Dit soe it paad tagonkliker meitsje moatte foar minsken yn in rolstoel.

Mar ek fuotgongers en fytsers soene it paad troch de feroarings better brûke kinne moatte. It Tsjerkepaad-East is ien fan de histoaryske rûtes fan Beetstersweach. It diels ferhurde paad is faak net goed tagonklik troch reinbuien.

Om dit te ferbetterjen wurdt in breed betonpaad oanlein. De kosten foar it nije paad lizze by de 25.000 euro. De provinsje betellet 40 prosint hjirfan. Tsjerkepaad-East rint fan de Herfoarme tsjerke fan Beetstersweach nei it tsjerkje fan Olterterp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)