Kolleezje Fryske Marren moat wer te set oer akwadukt

31 maaie 2016 - 14:25

De fraksjes fan de FNP, CDA en VVD yn de gemeente de Fryske Marren wolle it kolleezje fan boargemaster en wethâlders freegje om opnij mei de provinsje yn petear te gean oer de brêge yn de A6.

Dizze brêge soe ferfongen wurde troch in akwadukt, mar troch lanlike besunigings is dat projekt skrast. De trije fraksjes wolle dat it kolleezje fan b. en w. yn it oerlis mei de provinsje oanjout dat in akwadukt de oplossing is foar de ferbettering fan de trochstreaming op de A6.

De brêge oer de Skarster Rien is mei de tiid oan ferfanging ta en dat sil ek de nedige kosten mei him meibringe, sa sizze de partijen.

Ein juny stiet it algemien oerlis oer it mearjierreprogramma ynfrastruktuer, romte en transport op de aginda fan de Twadde Keamer. Yn dit oerlis wurde de budzjetten foar de ynfrastruktuer regele. Hjir soe mooglik jild weihelle wurde kinne foar it akwadukt, sa tinke de partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)