Op 'e Sjouwer op De Jouwer hâldt op

31 maaie 2016 - 13:23

It Jouster strjitfestival Op 'e Sjouwer hâldt op te bestean. Nei tweintich edysjes slagget it net mear om genôch jild binnen te krijen. De organisaasje hat sa'n 16.000 euro nedich om in goed programma te bringen, mar krijt mar sa'n 10.000 euro binnen.

Dat komt omdat it hieltyd dreger wurdt om sponsors te finen. Ek krijt it festival gjin subsydzje mear fan gemeente en provinsje. Dat komt neffens de organisaasje omdat dy allinne noch nije inisjativen stypje.

Op 'e Sjouwer waard alle jierren hâlden yn de Midstrjitte fan De Jouwer en op de edysje fan ferline jier kamen sa'n 8.000 minsken ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)