Meiwurkers Revalidaasje Fryslân hiel tefreden

31 maaie 2016 - 13:13

De meiwurkers fan Revalidaasje Fryslân binne tige tefreden oer harren wurkjouwer. Se jouwe de ynstelling in 8 yn harren tefredenheidsûndersyk. Alle fjouwer jier docht Revalidaasje Fryslân ûndersyk nei hoe't de meiwurkers tinke oer it bedriuw.

De ôfrûne jierren hat de ynstelling derop ynset om de wurkdruk werom te bringen. Ek is der sjoen nei it ferbetterjen fan de ûntwikkelmooglikheden fan it personiel. Der bliuwe lykwols noch wol ferbetterpunten by de Revalidaasje.

Sa soe de ynterne kommunikaasje better kinne en soe der mear ynvestearre wurde moatte yn feedback. De kommende tiid sille de resultaten fan it ûndersyk fierder besjoen en behannele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)