Sykje nei fermiste man yn Boalserter Feart

© Omrop Fryslân
De plysje is yn de Boalserter Feart tusken Abbegea en Easthim mei sonarapparatuer op syk nei in fermiste man út Boalsert. De 26-jierrige man wie moandei ûnderweis mei in boatsje en syn hûn. It boatsje en de hûn binne weromfûn. De man net. Juster is der al drêge yn de feart, dit hat neat opsmiten. Hjoed wurdt der fierder socht mei in sonarboat.