Simmerfestival yn Ljouwert net foar elkenien

31 maaie 2016 - 11:43

It Zomerfestival Leeuwarden hat dit jier in minimumleeftiid fan 16 jier. Dat makke de organisaasje tiisdei bekend. It dance-evenemint wurdt op tongersdei 9 juny hâlden op it Wilhelminaplein yn de stêd. De jûn wurdt iepene troch Lucien Foort. Fierder krijt de winner fan de DJ Clash in oere yn it programma om syn of har keunsten te fertoanen. De jûn wurdt ôfsletten troch Dannic, dy't yn de top 30 stiet fan de DJ Mag Top 100.

Njonken it haadprogramma is der ek in spesjale DJ workshop foar minsken mei in beheining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)