Klaas Stoppels bliuwt trainer-coach fan Aris

31 maaie 2016 - 11:32
  • Aris Ljouwert

Klaas Stoppels bliuwt ek it kommende seizoen haadcoach by de Ljouwerter basketbalploech Aris. Stoppels naam oan de ein fan it foarich seizoen it stokje oer fan Michael Schuurs, dy't fanwege "oververmoeidheid" by Aris opstapte. Mei it oanbliuwen fan Stoppels is fuort ek dúdlik dat de Ljouwerters it kommende seizoen wer útkomme yn de earedifyzje.

Troch finansjele problemen wie dat in skoft ûnseker. Der wurdt no in begjin makke mei it formearjen fan in nije seleksje. Allinnich Leroy Peterson fan Stiens stiet op it stuit ûnder kontrakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)