Besite keninklik pear soarget foar ferkearsmaatregels

31 maaie 2016 - 11:25

It ferkear yn de gemeente It Bilt moat op moandei 13 juny rekken hâlde mei ferskate ôfsettingen. Dit hat te krijen mei de besite fan it keninklik pear oan de regio dy dei.

Yn ferbân mei de feiligens en de organisaasje docht de gemeente inkele parkearterreinen ticht. Ek wurde stikken dyk ôfsletten. It giet bygelyks om it parkearterrein by de sporthal en de Campus yn Sint-Anne, en it parkearterrein by it gemeentehûs. Ek wurdt de H. Sannestrjitte yn Sint-Anne op moandeitemoarn ôfsletten foar alle ferkear.

Inkele bewenners fan de strjitte wurdt frege om harren auto op de dei fan de besite earne oars te parkearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)