Twa Boalserter froulju nei WK aaismiten

31 maaie 2016 - 11:17

Anneke Tuinenga en Grietje Yska fan Boalsert sille op 26 juny yn it Ingelske Swaton Nederlân fertsjintwurdigje op it WK aaismiten. It Boalserter duo wûn de nominaasje op it Iepen Nederlânsk kampioenskip dat yn Boalsert hâlden waard. De froulju binne op it stuit hurd oan it wurk mei de tariedings foar harren reis.

De foarsitter fan de oerkoepeljende Nederlânske Aaismyt Federaasje Jacques Hoogenboom jout de froulju in goeie kâns op in poadiumplak.

"Als de wedstrijdleiding de spelregels volgt en geen voorkeur heeft voor deelnemers uit exotische landen, dan móeten Anneke en Grietje een medaille kunnen halen." Hoogenboom doelt mei syn útspraken op blunders fan de skiedsrjochters by it toernoai yn 2014.

Mooglik gjin Iepen NK 2016

Nettsjinsteande de goeie Nederlânske prestaasjes fan de ôfrûne jierren stiet it Iepen NK aaismiten fan dit jier faai. Neffens Hoogenboom rint de organisaasje dreech, en is de tiid te koart om ta in goeie opset te kommen foar it evenemint. "Ik betreur dat ten zeerste, omdat vorig jaar een veelbelovende herstart in Bolsward is gemaakt, nadat het kampioenschap in de jaren daarvoor vaste grond onder de voeten had gekregen in Makkum."

Trefwurden: 
aaismiten WK Ingelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)