Kollum: "Strontsiik"

31 maaie 2016 - 09:28
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Gjin idee hoe’t it mei jim sit, mar ik wurd der bytiden strontsiik fan. Men kin de telefyzje net oansette, de krante net iepenteare of de ynterwebs net delsurfe of dêr giet it wer hinne: Nederlân is allegeduerigen ferûngelike, kwetst, breinroer en beledige. In foarbyld dêrfan is it feit dat wy it yn juny noch hieltyd –of alwer- oer Swarte Pyt ha. Juny, minsken. De stikelbargen rinne yn polonêze troch de tún, buorfrou leit yn monokiny achterhûs en de Tour de France stiet omtrint yn de startblokken.
Nederlân ferkeart yn in oanhâldende steat fan wrok. As ik alles leauwe moat wat der foarbykomt, is it in ferskriklik lân om yn te wenjen. It is in moeras fan diskrikininaasje en rasisme. Libje yn in diktatuer is as in útstapke nei Disneyworld yn fergelyk mei de ramp dy’t Nederlân is. Ut dy mentale steat is bygelyks ek in partij as DENK ûntstien. It klinkt trouwens as wat dat se oefenje wolle, in deistige oantrún. Dat se noch goed oefenje moatte hat oars wol bliken dien. Want behalve harren stipe foar de Turkse presidint Erdogan (it is in Nederlânske politike partij) binne se foaral yn it nijs kaam troch harren bydrage oan it gasdebat fan foarich jier. Se hiene nammentlik betocht om alle bewenners fan it gaswingebiet te deportearjen, ik bedoel te ferhúzjen, om dêrnei de gaskraan maksimaal iepen te draaien. Mei dy ekstra ynkomsten soe de úttocht fan de Grinslanners betelle wurde kinne. It gaswingebiet soe yn in natuergebiet feroarje moatte. No hâld ik fan minsken dy’t saken oars besjogge en soms radikaal oare wegen doarre yn te slaan. Mar dan ha ik it oer radikaal, en net oer ridikúl.
DENK stiet foar ‘verbinden’, sizze se. Dêr rjochtsje se dus in aparte partij foar op dy’t de fersplintering yn it politike lânskip noch grutter makket en in fierdere polarisaasje yn de hân wurket. Stypje se bygelyks yn desimber in sammelaksje foar de Islamityske Voedselbank, ynstee fan de sammelaksje foar elkenien dy’t it noadich hat, sûnder nei ras of leauwe te sjen. Wy ha der, mei oare wurden, in PVV by, mar dan oan de oare kant fan it spektrum.
Is Nederlân no echt sa’n ramp, sa’n ferskrikking, sa’n moeras? Neffens de Kaapverdische mienskip yn Rotterdam, te sjen yn de lêste ôflevering fan De Hokjesman, just net. Neffens klanten en betsjinning fan slachter Schell, út dyselde ôflevering, ek net. Rotterdam ken 173 nasjonaliteiten. Dy komme allegear foar de mear as 25 meter lange toanbank fan Schell foarby. In part fan dy nasjonaliteiten stiet ek achter de toanbank. Ien fan harren, sa foar it each in Surinaamsk-Nederlânsk famke, antwurde op in fraach oer ras en leauwe dat se allegear mar ien ding wiene: Rotterdammers. Neat ras of leauwe, mar Rotjeknor. It is ek yn dy stêd dat in Marokkaansk-Nederlânske moslimboargemaster in ûnderskieding oan de nestor fan de Kaapverdische mienskip útrikt, foar dy syn wurk yn ferbân mei it begelieden en yntegrearjen fan minsken út Kaapverdië.
Sjoch, soks jout de boarger moed, op mominten dat dy der strontsiik fan is."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)