Hoants kin yn Fryslân bliuwe

31 maaie 2016 - 07:07

De hoants oftewol de kemphaan kin behâlden wurde foar ús provinsje. De fûgel briedt hjir hast net mear, al kaam der ferline wike noch wol in briedgefal tusken Easterein en Wommels yn it nijs. Ek it oantal hoantsen dat op trochtrek nei it noarden yn Fryslân te sjen is, is bot ôfnaam.

Yn 2003 wiene it der noch 20.000. Mar yn 2009 wiene dat de noch mar 3500. Eins like it der op dat de striid foar de soart net safolle doel mear hie. Mar heechlearaar Theunis Piersma sjocht dochs kânsen op basis fan langjierrich ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)