CDA wol debat oer gemeentlike boykot bedriuw A. Th. de Boer

30 maaie 2016 - 23:03
  • It gemeentehûs fan Smellingerlân

De fraksje fan it CDA yn Smellingerlân wol in spoeddebat oer it beslút fan de gemeente om de rest fan it jier neat mear te keapjen by lânboumeganisaasjebedriuw A. Th. de Boer yn Drachten. De gemeente docht dat as straf. De kristlike eigener fan De Boer wegere ferline jier Bas van der Meer as stazjêr oan te nimmen, omdat dy homo is. De rjochter hat De Boer fan it bedriuw ta in jildboete feroardiele.

Smellingerlân docht dêr no noch in skepke boppe op. It CDA hat fragen oer dy sitewaasje.

Fraksjefoarsitter Jan Groen wol fan boargemaster en wethâlders witte wêrom't de gemeente mei in straf komt, wylst de rjochter dat ek al dien hat. Fierders wol it CDA de arguminten fan de gemeente hearre.

Oant no ta wegeret it kolleezje elk kommentaar. Der is inkeld in skriftlike ferklearring jûn. It is noch net bekend wannear't it spoeddebat hâlden wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)