Wethâlder fan Tytsjerksteradiel sloopt húskes

30 maaie 2016 - 22:24
  • Wethâlder Doeke Fokkema by de start fan de renovaasje
  • De troch de wethâlder sloopte húskes...

Troch twa húskes te slopen joech wethâlder Doeke Fokkema fan Tytsjerksteradiel moandeitejûn it startsein foar de renovaasje fan de sportakkommodaasje fan Oentsjerk.

De sportakkommodaasje fan de pleatslike behearsstichting wie slim fertutearze, mar krijt no yn fazes in grutte opknapbeurt. Sa komme der nije húskes en dûsen en in nije kantine mei in bordes. Troch de ynset fan frijwilligers bliuwe de kosten leech: likernôch trije ton.

It entûsjasme yn De Trynwâlden foar de renovaasje is grut. Dat sloech ek oer op de slopende wethâlder. Hy soe earst mar ien húske slope, mar hie der safolle aardichheid oan dat er fuortendaliks trochpakte mei in twadde húske.

Frijwilligerswurk

De wethâlder wie benammen sa entûsjast fanwege de selsredsumens yn De Trynwâlden. In pear jier lyn drige de behearsstichting fan de sportakkommodaasje noch fallyt te gean en no wurdt it kompleks yn fazen oer de kop skuord en wer hielendal up-to-date brocht troch foaral frijwilligers. By dy frijwilligers sitte ek ferskate profesjonele krêften út de bou, arsjitektuer en ynstallaasjetechnyk. By it wurk wurde safolle mooglik pleatslike bedriuwen ynskeakele.

Neffens wethâlder Fokkema rêde de frijwilligers op dy wize de sport yn De Trynwâlden. Dat is net foar it earst, want swimbad De Sawn Stjerren yn Gytsjerk draait ek foar in part op de ynset fan frijwilligers.

Húskeamer

De kantine fan de sportakkommodaasje wurdt yn 2017 as lêste folslein renovearre. By de kantine komt in bordes dat oer de sportfjilden útsjocht en der komt in nije yngong. De kantine moat sa útgroeie ta de 'húskeamer fan sportend Trynwâlden', seit wurdfierder Fiona Boonstra fan Stichting Behearskombinaasje Sportkompleks Oentsjerk.

It sportkompleks hat ek noch winsken, want it keunstgersfjild foar de kantine is oan ferfanging ta. Omdat Tytsjerksteradiel ek keunstgersfjilden ferfange moat yn Burgum en Hurdegaryp wol wethâlder Fokkema besykje om ek dat yn Oentsjerk 'mei te nimmen'. Nei alle gedachten bart dat dan yn 2017.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)