"Gryn is ideale tuskenstop foar moddersnip"

30 maaie 2016 - 22:07

It lytse Waadeilân Gryn tusken Harns en Skylge is hiel wichtich foar de moddersnip (drieteenstrandloper). Dat docht bliken út ûndersyk fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek op Zee. De ûndersikers hawwe in grut tal snippen kleurringen om de poat dien. Sa waard dúdlik wêr't de fûgels ferbliuwe neidat se yn it noarden bret hawwe en nei it suden fleane.

Alle jierren strike der 25.000 moddersnippen del op Gryn. Net elk stikje Waadgrûn is geskikt om iten út te heljen foar de lytse fûgeltsjes, mar Gryn wol.

Trefwurden: 
Gryn moddersnip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)