Kamp: "Strangere kontrôle grûndelgong hoecht net"

30 maaie 2016 - 21:54
  • Boarplatfoarm yn de Noardsee

De regels by de kontrôle op grûndelgong troch gas- en sâltwinning yn de Waadsee hoege net fierder oanskerpe te wurden. Dat skriuwt minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken oan de Twadde-Keamerleden. PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi hie yn in moasje frege om skerpere regels. Hoe minder oft de grûn sakje mei, hoe better oft it foar de natuer is, fynt se.

Minister Kamp fynt dat it 'hân-oan-de-krân'-systeem fan no goed genôch wurket. Yn dat systeem wurdt de fersakking allinnich kontrolearre by gaswinning.

As dy winning ophâldt, hâldt de kontrôle op grûndelgong ek op. Jacobi is it net mei Kamp iens. Sy fynt dat der fierder ûndersyk komme moat, as de winning al ophâlden is. Ek moat de grûndelgong besjoen wurde yn relaasje ta hoefolle oft de seespegel omheechgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)