Friezen belutsen by bou nije fearboat Teksel

Fryske bedriuwen hawwe in grutte rol spile by de bou fan in nije fearboat tusken Teksel en Den Helder. Projektburo C-Job fan De Jouwer nimt ûntwerp en technyk foar syn rekken en ûntwerpstudio Vripack fan Snits docht de styling.
De Texelstroom is 135 meter lang en 28 meter breed. Alles is duorsum oan it skip. Sa rint de haadmotor op ierdgas en wurde de propellers elektrysk oandreaun. Op de boat lizze 462 sinnepanielen. It skip leit no foar de lêste tests yn Den Helder. Dizze simmer komt er yn de feart.