By de Hel foar ien kear iepen foar publyk

30 maaie 2016 - 21:22

De einekoai mei de namme 'By de Hel' by Hallum is op sneon 18 juny foar ien kear iepen foar publyk. De einekoai is mei jild fan it Waadfûns en de provinsje hielendal opknapt. De bosk is úttinne, de fangynstallaasje is wer makke, der binne nije wâlpealtsjes kommen en de wetterpartijen binne útbaggere.

De Hallumer koai (1601) is de âldste registrearre einekoai yn Fryslân. De Fryske Waadkust hie ea 142 einekoaien. Yn de foarige iuw rekken in soad yn ferfal. Fan de 29 oerbleaune einekoaien wurde no 24 opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)