Boek oer Fryske fakir Slappe Douwe út Ljouwert

30 maaie 2016 - 20:12
  • De Ljouwerter fakir Slappe Douwe
  • Slappe Douwe wie ek fjoerspuier

Hy neamde himsels 'Kapitein Nero, de Friesche Fakir' en wie foar de oarloch yn en om Ljouwert ferneamd mei syn akt as messeslokker en fjoerspuier: Douwe Bijlsma. Yn Ljouwert is er better bekend as Slappe Douwe. Oer dy markante figuer is no in boek ferskynd. Neffens neef en auteur Hille Bijlsma wie it dêr de heechste tiid foar. 'Slappe Douwe hat nea de erkenning krigen dy't er fertsjinne. As er yn dizze tiid libbe hie, hie er fêst ferneamd west.'

It boek is te krijen by it Historisch Centrum Leeuwarden en is te bestellen by de auteur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)