Krityk op oanlis passantehaven Wâldsein yn simmerseizoen

30 maaie 2016 - 18:20

It toeristeseizoen komt sa stadichoan op gong, mar yn Wâldsein wurdt krekt yn dizze perioade wurke oan in nije passantehaven. Oannimmer Nota Infra is ferline wike begûn mei de oanlis fan de nije haven foar deirekreanten.

Ut it doarp komme krityske lûden oer de planning, want moat it no perfoast yn de simmerperioade. Mar neffens Loek Hogenhout fan Doarpsbelang koe it net oars. Yn ferbân mei Europeeske subsydzje moat it wurk foar 1 jannewaris klear wêze. It wurk wurdt no ferdield yn twa perioaden: ien foar en ien nei de boufak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)