"Eyetracker hat mear foardielen as neidielen"

30 maaie 2016 - 17:35

De foardielen fan eyetrackers wage op tsjin de neidielen, fynt Klaas Hoekstra fan de Sjauffeursferiening Fryslân. Eyetrackers hâlde de eagen fan frachtweinsjauffeurs yn de gaten As dy fiif sekonden nei wat oars as de dyk sjogge, is in lûde piip te hearren.

Transportfersekerer TVM hâldt sûnt ein april in proef mei eyetrackers by fiifhûndert Nederlânske frachtweinsjauffeurs. FNV Transport en Logistyk fiert dêr aksje tsjin. Neffens harren liedt de tracker krekt ôf en is it net goed foar de privacy fan de sjauffeur.

Piperke went gau
Hoekstra fynt lykwols dat dat wol wat tafalt. ''Dat piperke went wol. Ast wat helder bist, falt it skrikeffekt wol ta. It bart dochs gauris dat in frachtwein by ien achterop rydt, dus de feiligens waacht gewoan swierder, fyn ik.''

"Misbrûk is strafber"
Fakbûn FNV is benaud dat de bylden ek foar oare doeleinen brûkt wurde. Dy soargen dielt Hoekstra net. "Do moatst in bytsje yn minsken leauwe, en der fan útgean dat dat net bart. Neffens my is dat ek strafber. Moatst fansels wol altyd skerp bliuwe en der goed om tinke, want hûndert prosint wis bist nea.''

Sliepe
Fierders fynt Hoekstra dat de eyetracker wol út stean moat, as de sjauffeur op bêd giet yn de kabine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)