Swimmende frou út Prinses Margrietkanaal helle

30 maaie 2016 - 15:39
  • It Prinses Margrietkanaal by Gerkeskleaster

In 70-jierrige frou út de gemeente Opsterlân is moandeitemoarn út it wetter by Gerkeskleaster helle. De plysje krige om 11 oere hinne in melding dat in frou yn it wetter fan it Prinses Margrietkanaal swom. In binnenfeartskipper hie har sjoen, en seach ek dat se net mear út it wetter komme koe.

De plysje moast earst goed sykje foar't se it slachtoffer fine koene. Doe't de frou úteinlik fûn waard, wie se by kennis en oansprekber. Se is derút helle. Nei omstannichheden giet it goed mei har. It is net dúdlik hoe't se yn it wetter rekke is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)