Omwenners útnûge foar besite oan nije F-35 op fleanbasis

30 maaie 2016 - 15:07
  • De nije F-35

Hûndert omwenners meie freed delkomme op de fleanbasis yn Ljouwert. Basiskommandant Traas hat se útnûge om neier yn de kunde te kommen mei de nije F-35.

De gasten kinne derby wêze as in strieljager ôfset, de loft yn. Se krije ek in demonstraasje fan de cockpit. Fierders kin der praat wurde mei de kommandant en mei minsken fan it F-35-detasjemint en fleantúchbouwer Lockheed Martin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)